Fryske 'growshops' noch net troch plysje kontrolearre

15 apr 2015 - 12:35

Growshops yn Fryslân, Grinslân en Drinte binne, yn tsjinstelling ta growshops yn it suden, sûnt de nije opiumwet noch nea kontroleare. Dat docht bliken út ûndersyk fan BN De Stem. De kontrôles binne bedoeld om der op ta te sjen dat de winkels foar kwekersguod gjin spul oanbieden foar it kweken fan kannabis. Dat mei sûnt 1 maart net mear.

Yn it suden hawwe al 43 growshops de plysje al op besite hân. Neffens it Iepenbier Ministearje kinne growshops yn Fryslân noch foar 1 july besite fan de plysje ferwachtsje.

Trefwurden: 
plysje kontrôle growshop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)