Snitser oanhâlden foar subsydzjefraude

15 apr 2015 - 12:17
  • Oanhâlding

De plysje hat in 37-jierrige man út Snits oanhâlden foar subsydzjefraude. De man hat ferkearde ynformaasje oer bedriuwen yn it bûtenlân en ferkearde deklaraasjes opjûn om sa oan subsydzjejild te kommen. De ferstrekker fan de subsydzje fertroude de saak net en warskôge de plysje.

De plysje hat de bankrekkens en de auto fan de fertochte yn beslach naam. It Iepenbier Ministearje sil no besjen wat der fierder mei de man barre moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)