Himmelestafette op heechste top fan Flylân

De fjoertoer fan Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Organisaasje Recycle Valley docht op snein 26 april in himmelestafette op de Vuurboetsduin op Flylân. Oprjochter Arnout Schaap kaam mei it idee om yn alle provinsjes in 'berch' te beklimmen en fuortendaliks ek te himmeljen. Sa wol Schaap omtinken krije foar it grutte probleem mei omtoarkjend ôffal yn Nederlân.
Yn febrewaris is Schaap yn Limboarch begûn op 'e Vaalserberg, de heechste top fan Nederlân, yn april is Fryslân oan bar. It projekt hjit 12 summits en is tagelyk mei de Vuurtorenloop fan Flylân.