It Amelân krijt fleanferbining mei Borkum

It Amelân krijt in fleanferbining mei Borkum © fliegofd.de
De Ostfriesischer Flugdienst begjint in lijntsjinst tusken Emden, it Dútske Waadeilân Borkum en It Amelân. De flecht duorret in heal oere. It fleanbedriuw hat sân tastellen dy't twa oant acht minsken ferfiere kinne. De fleantsjinst wol de flecht yn earste ynstânsje trije kear yn 'e wike útfiere. De priis foar in retourke Emden-Amelân wurdt oanbean foar 222 euro.
De Flugdienst fleant no in soad op Helgolân en Emden. De fleantugen binne foar guon minsken in alternatyf foar de fearboaten.
Mear ynformaasje www.fliegofd.de