Underwiisynspeksje grypt yn by Koopmans Kolleezje

15 apr 2015 - 08:29
  • It Tjalling Koopmans Kolleezje

De ûnderwiisynspeksje grypt yn by it Tjalling Koopmans Kolleezje yn Hurdegaryp. De skoalle moat neffens de ûnderwiisynspeksje ophâlde mei it lesjaan op havo-nivo, omdat it der gjin fergunning foar hat. Ek moat de skoalle direkt stopje mei de reklame en ynformaasje op de webside fan de skoalle. As de skoalle dat net docht, sil de ynspeksje boetes útdiele. Dat kin yn de tsientûzenen euro's rinne, seit wurdfierder Hans van der Vlies.

De skoalle stiet foar persoanlik ûnderwiis yn lytse klassen en lûkt in soad learlingen.

De skoalle hie sels ferwachte op koarte termyn in fergunning foar havo-ûnderwiis te krijen, mar de ynspeksje dielt dy ferwachting net. De koepels foar iepenbier en bysûnder fuortset ûnderwiis hiene in klacht oer it Koopmans Kolleezje yntsjinne by de ynspeksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)