Midsieuske binnenhaven ûntdutsen yn Dokkum
Yn Dokkum binne de struktueren fan in midsieuske binnenhaven ûntdutsen. De fynst waard dien by archeologysk ûndersyk tusken it Suderbolwurk en de Strobossersteech. Der binne ûnder oaren kademuorren fûn en beskoeiïng. Dit wiist dêrop dat der in grêft mei binnenhaven west hat. De grêft stiet oanjûn op in histoaryske tekening fan 1550. De grêft is dus fan foar dy tiid en nei alle gedachten oanlein, omdat Dokkum yn de perioade in belangrike seehaven wie.