Nij bestjoer Peinder Mieden moat soargen fuortnimme

14 apr 2015 - 19:40
  • De Peinder Mieden

Der komt in nij bestjoer foar de keapersferiening fan it nijbouplan De Peinder Mieden by De Pein. It nije bestjoer moat in nije ympuls jaan oan de ferkeap fan de boukavels yn de bysûndere natuerwenwyk. Der wurdt al langere tiid oer it plan praat en in soad saken wiene ûnwis. Yn de rin fan de tiid hawwe guon belangstellenden harren dêrom weromlutsen. De gemeente Smellingerlân hat ein 2014 ynstimd mei in de ûntwikkeling fan in part fan it plan, mar foaral it CDA makket him no bot soargen oer de útfiering. Tiisdeitejûn hawwe sy hjir oer debateare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)