Stroffelstiennen yn Menameradiel foar omkommen ynwenners

14 apr 2015 - 16:59

De gemeente Menameradiel pleatst woansdei op njoggen plakken 'stroffelstiennen' foar minsken dy't yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers om it libben brocht binne. Dêr sit ek ien foar Rimmelt de Jong by dy't yn 1944 deade is.

Op de stien yn Menaam stiet lykwols net de namme Rimmelt, mar Remet. Dat is syn bertenamme. De famylje hie it graach oars sjoen. De famylje hie ek graach sjoen dat de stien in oar plak krijt as it plak dat de gemeente útkeazen hat.

De jonge boerenarbeider Rimmelt liet yn de jierren '30 it heitelân achter him om yn Frankryk te wurkjen. Letter fjochtet er mei yn de Spaanske boargeroarloch. Wer thús yn Nederlân wurdt Rimmelt meinaam troch de Dútsers nei it eastfront. Dêr rint er letter oer nei de Russen. Op 14 juny '44 wurdt er mei tûzen oare partisanen troch de nazys fermoarde.

De famylje is grutsk dat Rimmelt in betinkingsstientsje fan 10 by 10 sintimeter kriget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)