Aldste Fryske pleats stiet yn Reahûs

14 apr 2015 - 16:53

De âldste Fryske pleats mei in dekbalkbynt stiet yn Reahûs. Dat docht bliken út ûndersyk fan Paul Borghaerts út Easterein. Tafallich kaam Borghaerts de pleats tsjin. Hy ûntduts dat it om in hiel âld bouwurk gie. Undersyk nei houtmeunsters brocht oan it ljocht dat it giet om in skuorre út 1595. Dêrmei is it net allinnich de âldste Fryske pleats fan Fryslân, mar ek de âldste Fryske skuorre yn it Noardseegebiet tusken Frankryk en Poalen.

Oant no ta waard oannaam dat in pleats út 1610 yn Grinslân de âldste oerbleaune buorkerij fan it gebiet wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)