Ofspraken oer hoareka op Skiermûntseach

14 apr 2015 - 15:28

De plysje, de hoareka en de gemeente op Skiermûntseach hawwe mei-elkoar in hoarekakonvenant opsteld. Dêr stiet ûnder oare yn dat der nei twa oere gjin minsken mear talitten wurde meie yn de kroegen. De muzyk moat nei dat tiidstip ek oanpast wurde. De hoarekagelegenheden moatte yn it simmerseizoen in portier hawwe. Fierders kriget it eilân in meldpunt hoareka.

It is de bedoeling dat it hoarekakonvenant fan 't hjerst hifke wurdt. Eilanners meie der dan ek oer meiprate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)