Skylgers meie meiprate oer nij skip fan Doeksen

14 apr 2015 - 15:17
  • Rederij Doeksen

Rederij Doeksen freget eilanners om mei te praten oer it nije skip foar de fearferbining tusken Skylge en de fêste wâl. Skylgers krije fan 'e wike in mail mei in enkête dêr't se yn oanjaan kinne wat better kin oan board. Dan giet it bygelyks oer de yndieling fan it skip of it ynterieur.

Earder koene meiwurkers fan Doeksen ek al meiprate oer it nije skip. In spesjaal projektteam fan Doeksen ferwurket alle reaksjes. De ferwachting is dat de bou fan it nije skip fan 't hjerst oanbestege wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)