Oarlochsboek Ljouwert mei noch net earder publisearre foto's

14 apr 2015 - 15:09
  • Dútske soldaten op de Nijstêd yn Ljouwert

Santich jier nei de befrijing fan Ljouwert ferskynt tiisdei in boek mei noch nea earder publisearre foto's út de oarlochsjierren. It boek mei de titel 'Leeuwarden 40-45' lit oan de hân fan oangripende foto's út de oarlochsjierren sjen hoe't it libben der om en ta gong yn Ljouwert. It boek is gearstald troch Leendert Plaisier en Gerk Koopmans.

De ôfrûne moannen waarden Friezen oproppen om harren oarlochsfoto's op te stjoeren. Goed fjouwer fan de tsien fan de foto's binne noch net earder brûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)