Mûze-aksjeboeren bliid mei helpmaatregels Dijksma

14 apr 2015 - 14:53

Boeren dy't troffen binne troch de mûzepleach meie it lân ek skuorre bûten de normale perioade om. Steatssekretaris Sharon Dijksma hat fan de Europeeske Kommisje yn Brussel grien ljocht krigen om dy maatregel troch te fieren.

Oant no mochten boeren allinne it lân omploegje as se lêst hiene fan skea troch gersrûpen of spekrûpen, mar dat jildt no ek foar skea troch mûzen. Boppedat meie troffen boeren ek langer dong útride as de fêststelde perioade.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)