Grutte stellerij fan sieraden yn Bakhuzen komt hurd oan

Hans Eiselin is djip rekke troch de stellerij fan sieraden en horloazjes út syn wurkplak yn Bakhuzen. Yn de nacht fan snein op moandei binne dêr fyftjin laden mei gouden en sulveren sieraden meinaam. Se binne fan klanten, mar der sieten ek eigen sieraden by.
De reparateur is tiisdei begûn mei de ynventarisaasje fan it stellen guod. Om't no noch net bekend is wat der allegearre fuort is, binne de klanten noch net op 'e hichte brocht. De plysje hat in buertûndersyk dien en help frege fia boargernet. Dat hat noch neat opsmiten.