Topdrokte op fleanbasis fanwege ynternasjonale oefening

14 apr 2015 - 13:00
  • Frisian Flag

De fleanbasis yn Ljouwert is sûnt moandei fjirtjin dagen lang it senuwsintrum fan in grutte NAVO-oefening. Mear as sechstich fleantugen út seis lannen dogge dêroan mei. De oefening is de grutste yn Europa. Yn Amearika is Red Flag noch grutter, mar dêr wurde echte wapens brûkt, hjir net.

Neffens kommendant Verhaaf binne der risiko's sa lyts mooglik hâlden. Loftgefjochten fine inkeld boppe see plak. Frisian Flag is nedich om yn ynternasjonaal ferbân lieding jaan te kinnen oan loftynsetten, bygelyks yn it Midden-Easten.

De loftmachtoefening bringt tûzen militêren nei Ljouwert en in grutte mannichte fleantúchspotters, oant út Súd-Dútslân en Amearika wei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)