Thússoarch hat gjin jild foar fêste kontrakten

Thússoarchorganisaasjes hawwe gjin jild foar fêste kontrakten en dêrtroch reitsje kliïnten de fêste help kwyt. Nei trije tydlike kontrakten moat der in fêst kontrakt oanbean wurde, mar dat kin net mei dizze besuniging, seit direkteur Sieds Rieks fan thússoarchorganisaasje De Friese Wouden.
Mei de nije soarchwet moatte gemeenten oant 40 prosint besunigje. Meiwurkers moatte earst in heal jier thús sitte foardat se wer by deselde baas oan it wurk meie. Kwestbere kliïnten dy't harren fêste help ferlieze, wurde dêrtroch noch mear rekke.