Kening fan de Greiden jûn yn Amsterdam

14 apr 2015 - 10:47
  • Sytze Pruiksma (hjir op argyffoto)

De muzykteaterfoarstelling Kening fan 'e Greide is tiisdei te sjen yn it sintrum fan Amsterdam. Yn Pakhuis de Zwijger stiet de relaasje tusken kultuer en natuer sintraal. De Fryske heechlearaar Theunis Piersma, Wereld Natuur Fonds-direkteur Johan van de Gronden en Kulturele Haadstêd-direksjelid Oeds Westerhof sille dêr sprekke.

King of the Meadows is in ynternasjonaal netwurk fan boargers, studinten, organisaasjes, boeren en keunstners dat yn Fryslân begûn is. Sytze Pruiksma makke dêr in muzykfoarstelling foar mei skriezelûden.

It giet de insjatyfnimmer fan Kening fan de Greide om de wearde fan it lânskip. Dat stiet hieltyd mear ûnder druk troch yntensivearring fan de lânbou en troch fierdergeande ferstêdeliking. Dêrtroch wurdt it minder mei plant en dier. Symboal dêrfoar stiet de skries dy't oan it ferdwinen is út it lânskip. King of the Meadows is ûnderdiel fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)