Ald-Dokkumer noch altyd emosjoneel oer befrijing

14 apr 2015 - 08:49
  • Piet Veeninga en syn frou Klara

Omrop Fryslân hat fan 'e wike omtinken foar de befrijing fan Fryslân, no santich jier ferlyn. Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat tiisdei yn Dokkum mei Jan Blom en Piet Veeninga. Dokkum waard befrijd op 14 april 1945.

Blom is de âld-húsdokter fan Dokkum. Hy makke de oarloch mei yn Apeldoarn en wurdt noch altyd emosjoneel as er oer de befrijing praat. Veeninga is bekend fan wapendroppings by de pleats yn Ealsum dêr't hy mei syn famylje wenne. De wapens waarden brûkt troch de Binnenlânske Striidkrêften (BS) tsjin de Dútsers.

Neffens Jan Blom wie de befrijing yn Dokkum in grut feest, mar mei in swarte râne. Dy moarns hie er noch molke ferkocht oan Piet Eekhof, mar Eekhof is deselde dei deasketten doe't er mei Oege Monsma as libjend skyld brûkt waard troch de Dútsers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)