Fyftjin laden mei sieraden stellen yn Bakhuzen

13 apr 2015 - 20:26

By in ynbraak yn in wurkplak oan de Sint Odulphusstrjitte yn Bakhuzen binne dit wykein fyftjin laden mei gouden en sulveren sieraden en horloazjes stellen. De dieven sloegen ta yn de nacht fan snein op moandei by in man dy't de sieraden reparearret. It stellen guod wie fan klanten fan de man, mar der sieten ek eigen sieraden by.

In folsleine ynventarisaasje fan wat der krekt allegear stellen is, moat noch makke wurde. De plysje hat buertûndersyk dien en help frege fia boargernet, mar dat hat noch neat opsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)