Feansters meitsje foarljochtingsfilmke oer sykte fan Lyme

13 apr 2015 - 17:03

Op it Hearrenfean is moandei in filmke oer de sykte fan Lyme presintearre. 'Lyme is Hell' is makke troch filmmakker/fotograaf Jaap Ruurd Feitsma en syn freondinne Esmee Kamphuis yn it ramt fan de Wike fan de Tyk. Esmee Kamphuis hat hast twa jier lang de sykte fan Lyme. Se wol graach mear omtinken foar de groanyske fariant fan de sykte.

Troch it filmke hoopje Feitsma en Kamphuis dat in soad minsken op 'e hichte brocht wurde fan de slimme sykte. Oant no ta is it filmke allinnich op Youtube en Facebook te sjen.

As de Stichting Tekenbeetziekten it CBV-karmerk krijt, kin it filmke ek op tv útsjoerd wurde. De ôfrune tweintich jier is de besmetting troch tiken fertrijefâldige. Alle jierren krije goed 25.000 minsken de sykte fan Lyme. Fan harren hawwe sawat 2000 minsken groanysk 'Lyme'.

De presintaasje wie yn it grand-kafee Het Gerecht op it Hearrenfean. Esmee Kamphuis wurke dêr doe't se de sykte krige. Se krige pine, lêst fan de gewrichten, wie faak deawurch en hie konsintraasjeproblemen. Nei in hiel jier by de húsdokter rûn te hawwen en sikehûsbesites kaam de diagnoaze: sykte fan Lyme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)