Utstel besprek nije plannen Wetterskip Fryslân

Haadkantoar Wetterskip Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De behanneling fan it bestjoersakkoart fan de nije koälysje yn it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân is útsteld. De koälysjepartijen soene de plannen tiisdei beprate mei it algemien bestjoer. Mar guon partijen yn dat bestjoer wolle de ôfspraken earst mei de eigen fraksjes besprekke. It nije bestjoersakkoart komt dêrom yn in folgjende gearkomste oan de oarder.
Yn it bestjoersakkoart binne de nije plannen fêstlein dy't it wetterskip útfiere sil.