Blessearre Westra hopet mei te dwaan oan Amstel Gold Race

13 apr 2015 - 12:27
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje hat in dikke knibbel oan de klassiker Parys-Roubaix fan snein oerhâlden. Westra gie yn totaal trije kear ûnderút op de kasseien yn Noard-Frankryk. Troch de falpartijen koe Westra gjin rol fan betsjutting spylje yn de koers. Hy wie de helper fan kopman Lars Boom yn de Astana-ploech.

Westra wie spesjaal foar Parys-Roubaix earder ophâlden yn de Ronde fan It Baskelân. Hy hopet dat syn knibbel dizze wike better wurdt, sadat syn dielname oan de Nederlânske klassiker de Amstel Gold Race gjin gefaar rinne sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)