Bankkantoar ABN Amro op 'e Lemmer ticht

13 apr 2015 - 10:48
  • Jildautomaat ABN-Amro

ABN Amro slút op 22 maaie it kantoar op De Lemmer. Dêrfoar yn it plak komme in jildautomaat en automaten dêr't klanten en middenstanners harren jild stoarte kinne. Neffens de bank rint it oantal besikers de lêste jierren bot werom om't minsken hieltyd mear fia ynternet bankiere.

De klanten fan de bank binne op 'e hichte brocht dat it kantoar oan de Schulpen ticht giet. Foar wa't wol, jout de bank in workshop mobyl bankieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)