Koperdief knipt lieding troch, gas streamt skoalle yn

13 apr 2015 - 10:39
  • De leechsteande skoalle yn Warkum
  • De Doltawâl yn Warkum

In koperdief hat yn it wykein koperen gasliedings yn in leechsteande skoalle oan de Doltewâl yn Warkum trochknipt. Dêrtroch koe it gas it gebou yn streame en ûntstie der in gefaarlike situaasje. In buorman rûkte in gaslucht. De plysje hat fuortendaliks de ruten iepenset, sadat it gas fuortkomme koe.

De gemeente hat de gaskraan nei de skoalle tichtdraaid en sil it gebou tichttimmerje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)