Frachtwein kypt om by stoarten slib

13 apr 2015 - 10:02

In frachtwein mei slib is moandeitemoarn omkypt op Ekopark De Wierde fan Omrin yn Aldehaske. De sjauffeur soe it slib op in bulte ôffal stoarte, doe't de frachtwein kantele. De frachtwein bleau op de sydkant lizzen.

De sjauffeur is troch de brânwacht troch it foarrút út de kabine helle. Hy is nei it sikehûs brocht. Der wurdt noch ûndersocht hoe't it ûngemak barre koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)