Mar-athon Snits diels útferkocht

13 apr 2015 - 07:27
  • Even útrêste by de EHBO

De heale maraton fan de Mar-athon by Snits op 20 juny is útferkocht. Alle 2500 kaarten binne ferkocht. Foar de folsleine maratonôfstân om de Snitsermar hinne binne noch genôch kaarten beskikber. Dêr binne noch sawat 500 kaarten foar.

Njonken it hurdrinnen kin ek kuiere wurde. Foar beide ôfstannen bin noch kaarten te krijen. It evenemint wurdt dit jier grutter opset as ferline jier. Sa leit de finish boppe-op in poadium en binne der mear optredens as by de earste edysje, ferline jier. Ynskriuwe kin noch oant 20 maaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)