Monumint yn Appelskea betinkt befrijing

12 apr 2015 - 16:12

Yn Appelskea is snein in monumint ûntbleate ta neitins fan de befrijing fan it doarp santich jier lyn. Frânske parasjutisten kamen doe yn de buert del en holpen mei yn de striid tsjin de Dútsers. By de ûntbleating wie ek in groep Frânske âld-militêren en famyljeleden te gast.

Yn it monumint is in plakette ferwurke dy't Appelskea tsien jier lyn krige fan de parasjutisten dy't derby wienen en doe noch libben. It monumint stiet op 'e brêge, it plak dêr't it allegearre om draaide by de Frânske befrijingsaksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)