Alle Jorwerters fêstlein foar in fotoboek

Fotograaf Louis Meulstee hat alle ynwenners fan Jorwert op de foto set yn de ôfrûne seis jier. It resultaat sil te sjen wêze yn it fotoboek 'Dorpsgezichten'.
Meulstee hat snein de lêste opname foar it boek makke, de omslachfoto út de toer fan de tsjerke wei. De ynwenners fan Jorwert dy't meidien ha oan it projekt rûnen yn lintfoarm it doarp yn. De earste foto wie ien fan Gais Meinsma, mei har 88 jier yntusken ien fan de âldste ynwenners fan it doarp. Se wie der snein ek by en krijt in eareplak oan de kop fan de stoet.
Jorwert hat nei al dy jierren in spesjaal plakje krigen yn it hert fan Meulstee. Hy soe der wol wenje wolle mar dat slagget net fanwege syn wurk en dat fan syn frou. It boek ferskynt yn septimber.