Plysje siket eigener fan munten en sieraden

12 apr 2015 - 13:57

Yn de Ljouwerterbosk binne sieraden en muntstikken fûn. De plysje siket de eigener fan it guod dat nei alle gedachten bút makke is by in ynbraak. It guod is ôfrûne woansdei fûn, mooglik hat ien it ferlern of is it bewust achterlitten by it fytspaad troch de bosk oan de Vierhuisterweg.

It giet om bysûndere munten lykas ryksdaalders mei de Unie van Utrecht en daalders útjûn by de troanwiksel yn 1980. By de sieraden sitte gouden kettinkjes, en in brosj yn de foarm fan in oaljefant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)