KNRM yn aksje foar syljacht yn Harnzer haven

12 apr 2015 - 12:05

De rêdingsboat fan Harns hat sneon yn aksje west. In syljacht fear op de Pollendam by de Harnzer haven. De rêdingsboat fan de KNRM wie al op it wetter foar de begelieding fan in roeisloeperace yn de seehaven.

It wie wynkrêft acht yn Harns. Dochs slagge it de rêdingsboat it syljacht rap wer nei djipper wetter te bringen. Dêrnei is it skip op eigen krêft nei Harns fearn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)