Agressive Ljouwerter yn sintrum oanhâlden

12 apr 2015 - 11:08

Yn Ljouwert hat de plysje sneontenacht in 36-jierrige man út de haadstêd oanhâlden. Yn in kafee yn de Grote Hoogstraat gong de man flink tekear. Hy begûn samar tafels en stuollen om te smiten en fernielde in stik pleksyglês fan in reekromte. Ek fleach er in klant nei de kiel. Bûten pakte er in bierfleske fan in klant ôf en sloech er dyselde man mei it fleske.

Doe't de plysjes by de fertochte kamen, fleach er ien fan de plysjes oan. De man is meinaam nei it plysjeburo en sil heard wurde.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)