Taname fan tiken ferwachte

Tiken © ANP XTRA
Ek yn Fryslân binne yn it ôfrûne jier in protte tiken fongen. Oer hiel Nederlân wiene it der mear as 17.000. Dat meldt de webside Natuurbericht.nl. Frijwilligers fange al tsien jier lang op tolve lokaasjes yn it lân tiken, en de ferwachting is dat it der dit jier wer mear wurde.
Neffens de webside tekenradar.nl is de aktiviteit fan tiken de kommende dagen yn Fryslân lyts oant middelmatich. Kommende wike is it De Week van de Teek. Der wurdt in protte omtinken jûn oan de sykte fan Lyme, dy't feroarsake wurdt troch in tikebyt.