Kat en parkyt rêden by keukenbrân yn Mitselwier
By in keukenbrân yn Mitselwier hat de brânwacht sneontejûn in pear bisten rêden. De bewenner fan it hûs oan de Pelfinne rûkte om alve oere hinne in brânlucht. It die bliken dat der noch in panne op it fjoer stie. De bewenner rekke net ferwûne, mar it hûs stie fol reek. De brânwacht hat in kat en in parkyt rêden.