Gelykspul foar Drachtster Boys tsjin Urk

11 apr 2015 - 16:30

Drachtster Boys pakte sneon in punt troch mei 0-0 lyk te spyljen tsjin Urk. Urk wie yn it Drachtster Bosk yn de earste helte de gefaarlikste ploech. De gasten út Urk moasten foar rêst lykwols troch sûnder trainer, omdat dy mei in reade kaart it fjild ferlitte moast.

Nei it skoft krige Kevin Bakels de útlêzen kâns om de iepeningstreffer te meitsjen foar de Drachtsters, mar hy fersomme te skoaren. De ploech fan trainer Fred de Boer slagge der dêrnei net mear yn wat oan de 0-0 stân te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)