Harkemase Boys te sterk foar WHC: 4-0

11 apr 2015 - 16:27

Harkemase Boys wûn sneon mei 4-0 fan WHC. Yn Wezep moast it meireizge publyk út De Harkema lang wachtsje op de iepeningstreffer. Robin Huisman de Jong fersulvere yn de 70e minút in strafskop en bruts dêrmei de ban foar de Harkiten. Heine Uuldriks bekroande efkes letter in prachtige aksje fan Oebele Schokker en soarge sa foar de 2-0. Schokker sels makke rap dêrnei de 3-0.

Heine Uuldriks soarge mei syn twadde treffer yn de slotminút foar de einstân. Troch de winst bliuwe de Harkiten op kampioenskoers yn de haadklasse C.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)