Wenhuzen nedich foar goed 800 asylsikers

11 apr 2015 - 16:01

Fryske gemeenten moatte dit jier noch 800 asylsikers ûnderbringe yn in gewoan hûs. Dat docht bliken út sifers fan RTL Nieuws. It giet om minsken dy't no noch yn in asylsikerssintrum sitte, mar dy't troch in ferbliuwsfergunning in eigen adres krije moatte. De gemeente Súdwest-Fryslân moat mei 127 minsken de measte asylsikers in eigen plak jaan, dêrnei folgje De Fryske Marren mei 105 minsken en Smellingerlân mei 85.

Gemeenten binne ferplichte om wenromte foar asylsikers mei in ferbliuwsfergunning beskikber te stellen.

Gemeenten sizze faak dat se ûnfoldwaande wenten beskikber hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)