Harns wol nijbouwyk Ludinga gau oanpakke

De gemeente Harns sil gau úteinsette mei it opknappen fan nijbouwyk Ludinga. It giet om ferljochting, riolearring, ferfanging fan de tydlike bestrjitting en it oanbringen fan iepenbier grien. Foar dizze opknapbeurt freegje b. en w. sa'n 6 ton foarfinansiering fan de gemeenteried. Eins hie projektûntwikkeler Wopke Klaver fan Ludinga Vastgoed de maatregels yn de wenwyk nimme moatten, mar dy hâldt him neffens de gemeente Harns net oan de ôfspraken.
No wol de gemeente sa gau mooglik mei it wurk begjinne en it jild letter weromfoarderje.
Op 13 maaie praat de gemeenteried oer dizze saak.