Auto yn brân nei ûngelok op A32 by It Hearrenfean

11 apr 2015 - 12:12

By in kop-sturt botsing op de A32 by It Hearrenfean is sneontemoarn in auto yn brân flein. De brânwacht wie der gau by en hie it fjoer frij fluch ûnder kontrôle. De bestjoerders fan beide auto's kamen mei de skrik frij.

It ferkear hat wol even wat hinder hân fan it ûngelok, omdat ien rydstrook in skoft ôfsletten wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)