Wurk oan spoartunnel Wolvegea yn folle gong

11 apr 2015 - 11:53

Yn Wolvegea wurdt op dit stuit drok wurke oan it spoar. Sneontenacht wurdt de spoaroergong Om de Noord troch in tunnel ferfongen. Dy tunnel wurdt om tolve oere nachts te plak riden. Dêrfoar moat noch in soad wurk ferset wurde. Sa wurdt it spoar fuorthelle en wurdt der in damwand slein. It wurk yn Wolvegea kin troch it publyk folge wurde fan in tribune ôf.

It wurk oan it spoar by Wolvegea leit op skema. Der wurde damwanden yn de grûn trille en der wurdt in helling groeven, sadat de tunnel yn it gat riden wurde kin.

Dat bart yn de nacht fan sneon op snein tusken 00.00 en 02.00 oere. It wurk wurdt folge troch tsientallen taskôgers op de tribune, dy't spesjaal foar dizze operaasje pleatst is. As alles fierderop ek goed giet, ride moandeitemoarn de treinen wer. Projektlieder Sander van Rijn fan ProRail hâldt noch wol in slach om de earm, want der binne noch wat risiko's. Sa kin bygelyks de grûn ûnder de rails te hurd of te sêft wêze en der kin ek noch in masine stikken gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)