Motorrider oppakt yn Drachten fanwege gefaarlik rydgedrach

11 apr 2015 - 10:52
  • Motorplysje

De plysje hat freed yn Drachten in motorrider oppakt, fanwege gefaarlik rydgedrach. De 24-jierrige ynwenner fan Mearum yn it Grinslanner Westerkwartier soarge mei in slippend achtertsjil ûnder oare foar in soad reek. De man ried ek fierstente hurd. Doe't plysjes him oanhâlde woenen, fersette de man him, ek misledige er de plysje.

Op it plysjeburo is in bloedproef dien, omdat de man mooglik tefolle dronken hat. Syn rydbewiis koe net mear ynnaam wurde, omdat dat earder al ynnommen wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)