Hinder op it spoar en op 'e dyk

11 apr 2015 - 07:50

Treinreizgers tusken Ljouwert en Swolle moatte dit wykein rekken hâlde mei in langere reistiid. Fanwege wurk oan it spoar ride der tusken It Hearrenfean en Wolvegea gjin treinen mar bussen. De reis duorret dêrtroch in kertier oant in healoere langer.

Ferkear op 'e dyk moat by Werpsterhoeke ûnder Ljouwert rekken hâlde mei in omlieding, omdat dêr asfaltearre wurdt. Ek tusken Teridzert en Wolvegea wurdt oan de dyk wurke, sadat der opûnthâld is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)