Enerjzykoöperaasje Koudum wol yn 2025 doarp enerzjyneutraal

Sûnt de oprjochting fan de enerzjykoöperaasje Duurzaam Koudum yn 2013 is it oantal Koudumer huzen mei sinnepanielen trije kear safolle wurden. Fan 27 nei 76 huzen. Fan de nije sinnepanielen yn it doarp is 83% pleatst fia de koöperaasje. Dizze wurdt beheard troch frijwilligers en der wurdt stribbe nei in enerzjyneutraal Koudum yn 2025. Takom wike is der yn it doarp wer in ynformaasjebyienkomst om noch mear ynwenners entûsjast te krijen foar sinnepanielen.