PC Frjentsjer is op syk nei foto fan earste kening

10 apr 2015 - 22:03
  • Keatsen telegraaf

De organisaasje fan de PC yn Frjentsjer is op syk nei in foto fan de allerearste kening fan dizze ferneamde keatspartij. It giet om Auke Miedema, berne yn buorskip Kie by Frjentsjer. By it fernijen fan de webside www.pc-franeker.nl die bliken dat der fan sawat alle keningen in foto beskikber is. Allinnich de foto fan Miedema ûntbrekt. Miedema die tusken 1863 en 1894 mar leafst seizentwintich kear mei oan de PC en hy wûn de wedstryd acht kear. Auke Miedema waard maar ien kear kening, omdat de keningsbal pas yn 1883 foar it earst útrikt is.

Minsken dy't in foto of mear ynformaasje ha kin dit maile nei info@pc-franeker.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)