Steuring brêge Koarnwertersân oerlêst foar ferkear Ofslútdyk

Ferkear op de Ofslútdyk ter hichte fan de brêge by Koarnwertersân moat de kommende tiid rekken hâlde mei fertraging. Yn beide rjochtingen moat it ferkear oer ien rydstrook yn stee fan twa. Oarsaak is in steuring oan de noardlike draaibrêge fan it Lorentzkompleks by Koarnwertersân. De software fan de betsjinning fan de brêge is stikken, dy moat wer hielendal op 'e nij skreaun wurde. Dat duorret in skoft en dêrom ferwachtet Rykswettersteat dat it probleem pas heal maaie oplost is. De skipfeart hat gjin lêst fan de steuring.