Projekt sportdoarp Stynsgea moat ynwenners ferbine

Ynwenners fan Stynsgea mei-inoar ferbine troch sportaktiviteiten te organisearjen. Dat is it doel fan it projekt sportdoarp Stynsgea dat freed offisjeel fan start gien is. It doarp hat in subsydzje fan 70.000 euro krigen om twa jier lang ferskate nije sportaktiviteiten te organisearjen foar jong en âld. Mei it jild kinne ûnder oaren trainers betelle wurde. Njonken sportferbefoardering wurdt mei it projekt ek probearre de leefberens yn it doarp te fersterkjen.
Ut in enkête hat bliken dien dat foaral sporten as bootcamp, streetdance en beweechaktiviteiten foar minsken op leeftiid in grutte foarkar hawwe.