Fier Fryslân wurket gear yn striid tsjin berneprostitúsje

De direksje fan helpferlieningsorganisaasje Fier Fryslân út Ljouwert is op dit stuit op wurkbesite yn Tailân en de Filipinen. Se binne dêr tegearre mei de direksje fan in oare helpferlieningsorganisaasje Terre des Hommes.
Doel fan de reis fan acht dagen is dat der in gearwurking ûntstiet tusken de beide organisaasjes om te striden tsjin de problematyk fan seks fan folwoeksenen mei bern. Yn Bangkok en Manilla sille ek besites brocht wurde oan ferskate projekten dy't hjir anneks mei binne.