Opposysje yn PS mei punten ynbringe foar koälysje-akkoart

Opposysjepartijen yn Provinsjale Steaten krije takom wike fan formateur Geart Benedictus de kâns punten yn te bringen oer wat sy belangryk fine foar Fryslân. Benedictus wol dy punten dêrnei beprate mei fertsjintwurdigers fan beëage koälysjepartijen CDA, VVD, SP en FNP. Dy moatte dan bepale oft de punten goed genôch binne om yn it koälysje-akkoart opnommen te wurden.
Geart Benedictus is sûnt ôfrûne woansdei dwaande mei de formaasje. Dat wie in dei neidat CDA-listlûker Sander de Rouwe him beneamd hie. Earder wie Benedictus ek ynformateur.