Henk de Jong 'sportyf jaloersk' op FC Grins

10 apr 2015 - 15:13
  • Trainer Henk de Jong fan Cambuur

Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur is 'sportyf jaloersk' op FC Grins. De tsjinstanner fan de Ljouwerters takom snein hat him dizze wike pleatst foar de bekerfinale nei de 3-0 winst op Excelsior. Foar de Grinzers is dat foar it earst sûnt 1989.

Henk de Jong kin sneintemiddei noch net beskikke oer Vytautas Andriuskevicius en Michiel Hemmen. Hemmen hat lêst fan de rêch en moat op it stuit werstelle yn Amsterdam. Nei alle gedachten sil Mikhail Rosheuvel spylje foar Furdjel Narsingh dy't wol begjinne kin mar net folsein meitraine koe.

SC Cambuur stiet op it stuit 8e yn de earedivyzje mei 39 punten, FC Grins stiet 10e mei trije punten minder. De finansjele sitewaasje fan FC Twente hat der foar soarge dat Cambuur by winst net allinnich in grut gat slein kin mei syn direkte tsjinstanner, mar ek mei nûmer 11 FC Twente. De KNVB makke freedtemoarn nammentlik bekend dat de Enschedeërs op 'e nij trije punten ynleverje moatte.

Mooglike opstelling SC Cambuur: Leonard Nienhuis; Wout Droste, Etiënne Reijnen, Mart Dijkstra (Calvin Mac-Intosch), Lucas Bijker; Erik Bakker, Sander van de Streek, Mohamed El Makrini; Daniël de Ridder, Bartholomew Ogbeche, Mikhail Rosheuvel (Furdjel Narsingh).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)