Hûnderten spotters sjogge nei dielnimmers Frisian Flag

10 apr 2015 - 13:50

It is dizze dagen smoardrok by de Ljouwerter fleanbasis. Hûnderten spotters sjogge dêr nei de oankomst fan bûtenlânske strieljagers. Moandei begjint de ynternasjonale oefening 'Frisan Flag' en der binne dêrom in soad fleantugen ûnderweis nei Ljouwert. Piloaten út Dútslân, Spanje, Finlân, Poalen en Amearika wurde foar in grut part freed ferwachte by de basis.

De lêste jierren hawwe der in soad ynternasjonale missys west, ûnder oaren fanút Poalen, Afganistan en Irak. Op Frisian Flag wurdt dizze ynternasjonale gearwurking oefenje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)