Provinsjale liening foar boeren mei mûzeskea komt letter

De mûzeskea wurdt taksearre © Omrop Fryslân, Harm Weistra
De regeling fan de provinsje om slachtoffers fan de mûzeskea jild te lienen lit langer op him wachtsje. De provinsje moat de proseduere foarlizze oan de Europeeske Kommisje en dat nimt mear tiid yn beslach as earder tocht waard.
Ein april of begjin maaie krijt de provinsje antwurd út Brussel. De provinsje wol 10 miljoen euro reservearje foar de skearegeling. Dêrmei kinne se maksimaal 400 boeren in liening jaan. Dy lieningen kinne fariearje fan 25.000 oant 120.000 euro.